Keunst út in sigarette-automaat

01 des 2017 - 20:17

'Pakje Kunst' is in nij inisjatyf om minsken op in leechdrompelige wize mei keunst yn kontakt te bringen. Dêrby wurdt gebrûk makke fan de nostalgyske sigarette-automaten út de jierren 70 dy't je miskien noch wol kenne. Yn alle kroegen, hotellobby's en kantinen stienen se wol. In pear gûne deryn en hup, je lutsen se der sa in pakje Camel, Caballero of North State út.

Dy automaten binne werom. No net mei sigaretten, mar mei keunst. Yn Ljouwert is freed de earste automaat offisjeel yn gebrûk naam. Dizze stiet yn de hal van Het Broodhuys oan de Nijstêd. Mear as 35 Fryske keunsters dogge oan it projekt mei, mar wa't foar fjouwer euro in pakje út de automaat lûkt wit net wat er krekt krijt, noch fan hokker keunstner. Guon binne al begûn om de keunstpakjes te sammeljen en op Facebook binne ek de earste ruilbeurzen al begûn. 'Pakje Kunst' sil meikoarten ek yn Dokkum en Drachten in automaat pleatse.

Trefwurden: 
Pakje Kunst
(Advertinsje)
(Advertinsje)