"Fryslân takom jier twa wiken lang fossylfrij"

01 des 2017 - 19:55

Bouwe de Boer, projektlieder fan Fossylfrij Fryslân, leaut der hillich yn: Fryslân slagget der yn 2018 yn om twa wiken lang gjin fossile brânstoffen te brûken yn it ferkear op lân en wetter. Miskein net fan de earste dei ôf, mar oan de ein fan de twa wiken wol. De Elfwegentocht, sa't evenemint hjit, moat plak fine tusken 1 en 14 july takom jier.

Freedtemiddei waarden belangstellenden, foaral út it bedriuwslibben, yn it Abe Lenstra stadion bypraat oer de stân fan saken. Ek krigen se útlis hoe't sy oan it evenemint meidwaan kinne. Der wienen alderhande elektryske auto's en oare skjinne transportmiddels te sjen. In Tesla op wetterstof sprong it meast yn it each.

(Advertinsje)
(Advertinsje)