Alarm oer alkohol by jongeren

31 okt 2011 - 11:55
Foto: ANP XTRA

Boargemaster Adema fan Achtkarspelen ûndernimt aksje tsjin de lakse hâlding fan âlden as it giet om alkoholgebrûk troch har bern. Neffens de boargemaster komt it foar dat âlden har skouders ophelje as bygelyks de plysje of de gemeente kontakt opnimt as de jongeren oerlêst feroarsaakje.

Adema wol de âlden mear wize op har ferantwurdlikheid. Tagelyk beklammet er dat der ek in soad âlden binne, dy't har bern wol oansprekke op drankgebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)