Fertochten drugslab Haulerwyk langer fêst

01 des 2017 - 18:01

De trije manlju dy't tongersdei oppakt binne yn ferbân mei de fynst fan in drugslab yn Haulerwyk bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. It giet om de man dy't yn in hûs wennet njonken it drugslab en twa manlju út Guatemala. It lab wie noch yn oanbou, der waard noch kwalik produseard. It is juster ûntmantele.

Yn Hjerbeam waard freed ek in drugslab ûntdutsen. Dêr binne noch gjin minsken foar oanhâlden. It drugslab yn Hjerbeam stiet net yn ferbân mei dat fan Haulerwyk.

Trefwurden: 
drugslab Haulerwyk Hjerbeam
(Advertinsje)
(Advertinsje)