SC Hearrenfean ûnderskat Roda JC net

01 des 2017 - 17:40

Der is gjin inkele oanlieding om it ûnderoansteande Roda JC te ûnderskatten, sa fynt Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel: "Ik denk dat Roda JC te weinig punten heeft voor wat ze op het veld laten zien." De Feansters reizgje nei it djippe suden mei in hast fosleine seleksje. Arber Zeneli komt der wer oan, mar de Streppel ferwachtet net dat hy foar de winterstop ynsetber is. Daniel Høegh krige freed op de lêste training noch in tikje op it ankel, mar de ferwachting is dat hy wol spylje kin. Reza Ghoochannejhad bliuwt de earste spits. Neffens Streppel is hy belangryk foar it alvetal en Streppel sjocht noch gjin oanlieding om mei Henk Veerman yn de spits te begjinnen.

Fermoedlike opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Næss, Pierie; Schaars, Kobayashi, Thorsby; Ødegaard; Ghoochannejhad, Vlap.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)