Ynformateur Waadhoeke wol koälysje CDA, SAM en FNP

01 des 2017 - 17:28

In koälysje fan it CDA, SAM en de FNP. Dat is it advys fan ynformateur Fred Veenstra foar de gemeente Waadhoeke. Veenstra dielde syn rapport as earste mei it CDA, de winner fan de ferkiezingen yn de nij te foarmjen gemeente. Dy partij hat wol fertrouwen yn de mooglike gearwurking en brocht freed de oare partijen op 'e hichte. Neffens ynformateur Veenstra hat in koälysje fan it CDA, SAM en de FNP de grutste kâns fan slagjen, om't se har alle trije op duorsumens rjochtsje wolle, en de ynwenners aktyf by it belied belûke wolle.

De ôfrûne wike hat de ynformateur petearen fierd mei alle partijen. Dy petearen leinen oan de basis fan it útbrochte rapport. It wurk fan ynformateur Veenstra sit der dêrmei op, formateur Theo Joosten sil no de ûnderhannelingen tusken de trije partijen begeliede.

(advertinsje)
(advertinsje)