Ghoochannejhad en Kobayashi kinne har klearmeitsje foar WK

01 des 2017 - 17:26
Reza Ghoochannejhad yn aksje foar Iran - Foto: ANP

In swiere lotting yn Ruslân freed foar sc Hearrenfean-spiler en Iraansk international Reza Ghoochannejhad. Hy sil mooglik yn de simmer fan 2018 mei syn lân nei it WK yn Ruslân en moetet dêr ûnder oare de Europeesk kampioen Portugal mei stjerspiler Cristiano Ronaldo. Yn deselde groep sit ek swiergewicht Spanje, en in team mei mear Nederlanners: Marokko.


Hearrenfean-teamgenoat Yuki Kobayashi mei mooglik ek nei Ruslân, en hy moetet dêr mei Japan ûnder oare Europeesk kwalifikaasje-topskoarer Robert Lewandowski fan Poalen, en de Gouden Skoech-winner fan it foarige WK James Rodríguez fan Kolombia. De groep wurdt kompleet makke troch Senegal, dy't foar it earst sûnt 2002 der wer by binne op in WK.

Oft beide Hearrenfeanspilers yndie op it grutte toernoai spylje is noch efkes ôfwachtsje, de definitive seleksjes foar Japan en Iran wurde yn it foarjier fan 2018 bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)