"Utwreiding Fleanfjild Lelystêd moat letter"

01 des 2017 - 17:12
Fleanfjild Lelystêd - Foto: ANP

Fleanfjild Lelystêd moat net earder útwreidzje as dat it loftrom boppe Nederlân opnij yndield is. Dat stiet yn in advys fan in delegaasje ynwenners fan Fryslân, Drinte, Oerisel, Gelderlân en Flevolân. Sy meitsje har der soargen oer dat de fleantugen skylk leech oer komme.

It advys is freedtemiddei oanbean oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrakstruktuer. It ministearje hie sels om it advys frege. Van Nieuwenhuizen seit dat se har de krityk oanlûkt, foaral om't it fertrouwen fan minsken yn de regio skeind is. Se wol de kommunikaasje ferbetterje. Mar de útwreiding wurdt net útsteld, sa hat se ek sein.

(advertinsje)
(advertinsje)