"Minne sliepers" út Snits feroardiele

01 des 2017 - 17:00
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochter hat twa manlju út Snits feroardield foar de ynbraak yn in bedriuwsbus yn Grou. De iene krige trije wiken sel, de oare in wurkstraf fan 150 oeren. De twa sizze dat se minne sliepers binne en dat se dêrom nachts mei de auto op paad wiene. De rjochter leaude net dat it stel dêrom bij tafal yn in wenwyk yn Grou telâne kaam wie. Dat wiist derop dat se net sokke fraaie plannen hiene, seit de rjochter. Njonken dat de Snitsers in straf krigen, moatte se de eigner fan de bedriuwsbus ek in skeafergoeding betelje. De man hat fanwege de stellerij in pear dagen net wurkje kinnen.

Trefwurden: 
Snits Grou ynbraak
(Advertinsje)
(Advertinsje)