Earste wurkdei Agricola yn Dantumadiel

01 des 2017 - 16:40

De gemeente Dantumadiel hat sûnt freed in nije boargemaster: Klaas Agricola. Bern út groep 8 ûntfongen him freedtemoarn feestlik op it gemeentehûs yn Damwâld. De bern, út alle doarpen yn 'e gemeente fertelden de boargemaster wat de moaiste plakjes yn harren doarpen binne. Kommissaris fan de Kening, Arno Brok, beëdige Agricola freedtemiddei as boargemaster.

Agricola hat noch gjin grutte plannen en wol earst goed yn de kunde komme mei de gemeente. "De minsken kennen leare, mar ek de yndustry en de middenstân, en dat de minsken my kennen leare," sa fertelt de nije boargemaster. Agricola komt oer fan de gemeente Dalfsen en hat dêr wethâlder west. Hy is hikke en tein yn Reahûs.

Trefwurden: 
Klaas Agricola Dantumadiel
(advertinsje)
(advertinsje)