Miljoenen foar feangreidegebiet

01 des 2017 - 16:21
Foto: Omrop Fryslân

De kommende twa jier wurdt hast 8 miljoen euro ynvestearre yn it feangreidegebiet. Neffens de provinsje is dizze ynvestearring nedich om it gebiet yn de takomst leefber te hâlden foar boeren, bewenners en besikers. Yn de Feangreidefisy stean maatregels om fierdere boaiemdelgong te fertraagjen.

Foar de lânbou wurdt ynsetten op nije techniken en mear gearwurking tusken de boeren. As foarbyld jildt de oanpak yn it gebiet Aldeboarn-De Deelen. Dêr wurdt wurke oan fleksibel peilbehear en der wurdt in proef dien mei it stjoeren fan it wetterpeil yn de sleaten. De provinsje wurket noch oan in fyzje op it belied foar nei 2019.

(Advertinsje)
(Advertinsje)