Omrop TIP: In nij tij

It Amelân is yn shock wannear't yn febrewaris fan 2013 de Sint Clemenstsjerke yn Nes troch in felle flammesee folslein ferwoaste wurdt. Wylst minsken nei de smeulende ravaazje sjogge is it foar elkenien dúdlik. It ryksmonumintale tsjerkje út 1879, boud troch de bekende arsjitekt Pierre Cuypers, moat wer pronkje op it eilân.
Mar hoe? Wylst oeral yn Nederlân tsjerken de doarren slute, stelle de Amelanners alles yn it wurk om dy fan harren wer te iepenjen. Programmamakster Froukje Sijtsma folge foar de Fryslân DOK 'In nij tij' twa jier lang de weropbou fan dizze nije tsjerke.
Wat fine de parochianen eins fan it nije ynterieur? Kinne sy aanst yn dizze kleurrike tsjerke harren leauwen noch wol as eartiids belibje? En watfoar wûnder makke assistint-pastor Henk Nota koart nei de brân mei?

De Fryslân DOK dokumintêre 'In nij tij' is op snein 3 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.