Man kin spultsje net yn 'e broek hâlde en moat sitte

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In man út Ljouwert moat fjouwer moanne de sel yn omdat er syn saakje net yn de broek hâlde kin. De man stie foar de rjochter omdat er fan 't simmer by in pear skoallen en in fuotbalkoai syn geslachtsdiel sjen liet. Dêr krige er in straf ûnder betingst foar. Mar omdat er earder ek in straf ûnder betingst krigen hie foar itselde, moat er no sitte.
De man hat syn gedrach net ûnder kontrôle, as gefolch fan psychyske en persoanlike problemen en omdat er drugs brûkt. Hy komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring en moat him behannelje litte. Ek moat er fan de drugs ôfbliuwe.