Selstraf foar yn brân stekken eigen hok

De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
In 34-jierrige brânstichter út Sint-Nyk hat fan de rjochter 16 dagen selstraf oplein krigen. De man krige dêrneist 164 dagen selstraf ûnder betingst oplein, mar hat dizze tiid al yn foararrest útsitten. De man besocht in jier lyn oant twa kear ta it hok achter syn wenning oan de Dobbeleane yn de brân te stekken. Beide kearen moast de brânwacht útride. By de twadde kear wie it hok net te rêden. It gie om in nachthok foar einen. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette de man him.
De Sink-Nykster hat psychyske problemen en wie ûnder ynfloed fan drugs. Hy ferbliuwt no yn in ynstelling en wurdt behannele foar syn problemen. De rjochter hat de man ek in drugsferbod oplein.