Pegida wol pipernuten útdiele yn Dokkum

© ANP
Leden fan de ekstreem-rjochtse organisaasje Pegida kundigje op Facebook oan dat sy sneon ek nei Dokkum komme wolle. Foarôfgeand oan de demonstraasje fan anty-Swarte Pytorganisaasjes, wol Pegida pipernuten útdiele. Se roppe minsken op om dat ferklaaid as Swarte Pyt te dwaan. It giet neffens Pegida om in ludike en bernfreonlike aksje en se roppe dielnimmers op om net te reagearjen op provokaasjes. Op it momint dat de anty-Swarte Pytdemonstranten yn Dokkum binne, leit Pegida de útdielaksje stil.