"Mei dat fjoerwurk fan no kinne je wol in auto opblaze!"

01 des 2017 - 14:46

"Dat fjoerwurk fan tsjinwurdich is net te fergelykjen mei dat fan eartiids, no kinne jo der wol in auto mei opblaze! Gjin wûnder dat it dan ferbean wurdt fanwege de feiligens, mar sa helpe jo wol sels in tradysje om sjippe." It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op in mooglik fjoerwurkferbod. Sa'n folslein ferbod op knalfjoerwurk en fjoerpylken soe der foar konsuminten eins komme moatte, stelt de Onderzoeksraad voor Veiligheid freed. Neffens dizze rie is de jierwiksel it gefaarlikste momint fan it jier en mei dizze maatregel kinne jo dêr wat tsjin dwaan.

In âldere bewenster fan Sint Antoon sei it krekt âlderaardichst te finen om der út har keamer wei nei te sjen. In oar sei: "Alles wurdt tsjinwurdich ferbean, dêr hâld ik net fan." En: "Wer in tradysje dy't se ús ôfpakke wolle." Mar de measten wiene foar in ferbod: te gefaarlik, te folle leven en te foalle fersmoarging. "Ien grutte sjo op in sintraal plein, dat is moai genôch", sa waard sein.

Trefwurden: 
freedsmerk Opiny
(Advertinsje)
(Advertinsje)