Filmke pro-swarte Pytgroep is viral hit op Facebook

© Facebook
"Wy hjitte jimme fan herte wolkom yn ús moaie Fryslân", sa begjint in viral filmke fan de foarstanners fan Swarte Pyt. It filmke is op Facebook set, en hat yn in koart skoftke tiid op ferskate siden al tûzenen reaksjes opsmiten. Yn it filmke wurdt oproppen om sneon neat út te heljen tsjin de anty-Swarte Pytmanifestaasje yn Dokkum.
De sprekkers yn de fideo rjochtsje har sawol op de Friezen, as op de demonstranten dy't opnij nei Dokkum besykje te kommen: "Wy fine it belangryk dat jimme jim uterje kinne", sa seit wurdfierder Seye Brinkman tsjin de demonstranten "en dat mei fansels 364 dagen yn it jier." Hjirmei wurdt doeld op de iene dei yn it jier, mei de yntocht, dat de foarstanners fan Swarte Pyt gjin demonstraasjes hawwe wolle.
Posityf sinjaal
Brinkman en syn freonen kamen op it idee foar it filmke doe't se belle waarden troch de media mei de fraach oft se ek wat fan plan wiene as tsjinaksje by de manifestaasje fan de anty-Swarte Pyt groepen yn Dokkum. De groep tinkt lykwols dat it kontraproduktyf wêze soe as der no opnij grutte aksjes, lykas in blokkade, op tou set wurde. "Dan krije sy gelyk", sa seit Brinkman, wizende op it byld dat der lanlik yn ferskate media oer harren ûntstien is. "Wy wolle no in posityf sinjaal ôfjaan, in krachtich sinjaal mei in knypeach, mar wy miene it serieus: bliuw thús doch gjin gekke dingen."
Op syn Bokwerders
It statement wurdt folslein dien yn it Frysk, mar wurdt tuskentroch oerset yn it Nederlânsk. Dit bart lykwols wol op syn Bokwerders. It is in reaksje op de wize wêrop't neffens de freonegroep Friezen delset wurde yn de lanlike media. "Se sette ús del as mongoalen, dus dan prate wy ek mar sa."
Bliuw thús
De inisjatyfnimmers fan it filmke roppe minsken dus op om op sneon tusken 2 en 4 oere middeis net nei de stêd te kommen. Op oare mominten kin it fansels wol, sa sizze de freonen, benammen ek om't it in drok wykein foar de pleatslike middenstân wêze sil. Wat Brinkman sels dwaan sil op sneontemiddei? "Ik haw noch wol wat wurk yn it hok te dwaan."