Fraach nei opfang yn soarchynstelling nimt yn de takomst ta

01 des 2017 - 13:34

De fraach nei opfang yn in soarchynstelling lykas ferpleech- en fersoargingshûzen nimt de kommende jierren mei sa'n 2800 plakken ta. Dat komt foaral trochdat der mear âlderen binne. It betsjut net dat der ek ekstra wenromte komt. Minsken binne hieltyd âlder at se yn in ferpleech- of fersoargingshûs komme en wenje der ek koarter. Dat stiet yn de Woonzorgatlas Fryslân fan it Platform GEEF. Dêryn bringe tolve korporaasjes en tsien soarchorganisaasjes yn kaart hoe't it oanbod fan soarch en wenjen yn Fryslân derút sjocht.

De fraach nei selsstannich wenjen yn de buert fan in soarchynstelling stabilisearret him earst. De kommende jierren nimt de fraach nei keapwenningen foar minsken mei in lichaamlike beheining ta. Yn de hiersektor wurdt in delgong ferwachtte. Neffens it Platform GEEF is der genôch hieroanbod foar wenjen en soarch. De kwaliteit fan de wenningen kin wol better.

(Advertinsje)
(Advertinsje)