Studinten Nordwin Kolleezje presintearje sels betocht guod

01 des 2017 - 13:27

In hûnefrettenbak mei opberchromte, in usb-lampe mei snoer-fuortstopper of in oprolbere drinkflesse. It binne foarbylden fan saken dy't troch ûndernimmende studinten fan it Nordwin Kolleezje yn Ljouwert betocht binne. Freed presintearje se yn winkelsintrum Saailân harren útfiningen oan in sjuery. It giet net allinnich om de útfining sels, mar ek om de wize fan ferkeapjen.

Oan de ein fan de dei wurdt bekend wa't de trije winners binne. Dy kinne dan wer meidwaan oan de noardlike wedstryd dy't op 11 desimer yn Grins hâlden wurdt. De wedstryd is in inisjatyf fan de Stichting Jong Ondernemen.

Trefwurden: 
Nordwin Kolleezje
(Advertinsje)
(Advertinsje)