Opnij drugslab fûn, no yn Hjerbeam

Yn Hjerbeam is freedtemoarn yn in leechsteande wenning in drugslaboratoarium ûntdutsen. In arrestaasjeteam die in ynfal, nei't de plysje tips binnenkrigen hie. It laboratoarium dêr't syntetyske drugs makke waarden, wie net langer yn bedriuw. Wol is der op it terrein gemysk ôffal fûn. Der binne noch gjin minsken oanhâlden, mar de plysje is noch dwaande mei it ûndersyk. It laboratoarium wurdt freed ûntmantele troch in spesjalisearre team. Der is neffens de plysje gjin ferbân mei it drugslaboratoarium dat tongersdei yn Haulerwyk ûntdusten waard.