Gaswinningsbedriuw Vermilion klear mei seismysk ûndersyk

Gaswinningsbedriuw Vermilion is sa goed as klear mei it grutte seismyske ûndersyk yn grutte parten fan de provinsje. Sûnt ein augustus hat it bedriuw ûndersyk dien tusken Grou en Drachten en tusken Wâldsein en Snits. By Top en Twel binne no de lêste wurksumheden, dy binne sneon klear.
De gegevens dy't sammele binne, wurde ferwurke en ûndersocht troch wittenskippers. Net earder as oer twa of trije jier kinne sy antwurd jaan op de fraach oft en wêr't gas yn de grûn sit.