FB Oranjewoud docht bod op soarchfersekerder De Friesland

FB Oranjewoud hat befêstige dat se in bod dien hat op soarchfersekerder De Friesland. Tongersdei melde it fakbûn al by Omrop Fryslân dat der belangstelling wie fan de stichting. Mei in mearderheidsbelang yn de soarchfersekerder wol FB Oranjewoud neffens foarsitter Jorrit Volkers berikke dat De Friesland yn Fryslân bliuwt en net fierder útklaaid wurdt. Eigener Achmea wol dat De Friesland op 1 jannewaris fusearret mei Zilveren Kruis. De fakbûnen, de meiwurkers en de ûndernimmingsried fan De Friesland binne poer op de foarnommen fúzje tsjin. Kommende tiisdei is der in oerlis tusken de fakbûnen en Achmea. FB Oranjewoud en Achmea ha neffens Volkers ôfpraat dat beide partijen oant dy tiid gjin taljochting jouwe.
FB Oranjewoud is yn 2012 oprjochte út de neilittenskip fan de Friesland Bank, mei 100 miljoen euro yn kas. De ynstelling wol de Fryske ekonomy, kultuer en indentiteit stypje. It hat earder in mearderheidsbelang naam yn útjouwer NDC, bekend fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.