Elsevier: Nij Smellinghe Drachten bêste Fryske sikehûs

01 des 2017 - 10:49
It sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stiet op it achtste plak yn in kopgroep fan bêste sikehûzen fan Nederlân yn in ûndersyk fan wykblêd Elsevier. Dy kopgroep folget nei in top trije. Mei inoar binne 83 sikehûzen beoardiele op medyske soarch, pasjintfreonlikheid en de finansjele situaasje. De sikehûzen binne beoardiele op 777 punten.

Yn fergelyk mei it ûndersyk út 2016 is Nij Smellinghe ien fan de trije sikehûzen yn Nederlân dy't it meast omheech gien is. It MCL skoart krekt wat leger, it sikehûs fan Snits hat deselde skoare as ferline jier en de Tjongerskâns op it Hearrenfean skoart justjes heger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)