Ferwûne by botsing De Jouwer tusken fytser en brommerrider

© btbfotografie.nl
By in frontale botsing op de Tramwei op De Jouwer is freedtemoarn ien persoan ferwûne rekke. In fytser en in brommerrider knalden nei alle gedachten troch de mist op inoar. Dat barde om acht oere hinne.
De plysje en in ambulânse waarden alarmearre. Ambulânsepersoniel hat ien persoan behannele en dêrnei nei it sikehûs brocht.