Kollum: "Benji"

01 des 2017 - 08:16

"Tolve jier lyn kaam Benji by ús wenjen. Hy wie doe twa jier en in krusing tusken in boomer en in Tibetaanske terriër. Benji soe eins by myn skoansuske wenje en hy like de perfekte hûn te wêzen, mar al gau die bliken dat er net allinnich wêze koe. Sadwaande hat er dêr gauris de hiele keet oer de harses helle en in soad skea makke. Want as er allinnich wie, waard er hielendal gek en like sterk as de Hulk.

Uteinlik is er doe by ús kommen. Wy hiene al twa hûnen en doe wie it klear omdat er noait mear allinnich wie. Hy koe los rinne, lústere goed en wie ek hiel tûk. Doe't ús stabij Bouke nachts op stjerren lei, hat Benji ús wekker blaft. Bouke wie doe al âld en it gekke wie dat ik dyselde nachts earder al wekker skrok omdat ik miende dat er blafte.

It wie in heldere lûde blaf, mar ik tocht dat it in dream wie. Ik bin wer yn 'e sliep fallen, oant Benji begûn te blaffen. Ik bin nei Bouke ta gien, ha him yn syn koer tild en krekt salang by him sitten oant er dea wie. Dat wie hiel bysûnder. Oars hie ik Bouke moarns fûn en hie 'k my altyd skuldich field omdat er my wierskynlik al roppen hat, wylst er amper mear blaffe koe. Benji bleau doe mei ús leave Leonberger, Azra oer.

In skoft letter kaam ik op in dei in thús mei de boadskippen. Benji rûn nochal drok foar my út, mar dêr joech ik gjin oandacht oan. It wie itenstiid, de bern soene hast thúskomme út skoalle, ik hie in timmerman oer de flier dus ik makke de tafel klear en nei it iten foel it my op dat Azra der net wie. De timmerman krige nei it iten altyd in appel en dan siet Azra neist him op it klokhûs te wachtsjen, mar no wie se der net. Ik ha alles ôfsocht mar se wie nearne. It wie sa nuver, want se naaide noait út.

Doe tocht ik oan Benji dy't earder foar my útrûn en ik gong dy kant dochs marris út. Doe fûn ik Azra tusken wâl en skip. Gelokkich koe se dêr stean mar it wie wol dúdlik dat se al in moai skoft yn it kâlde wetter lein hie, want se wie al heal yn shock. Ik ha har der mei de timmerman úthelle en hy hat har yn 'e hûs tild. Ik ha har ôfdrûge en drûch föhnd. Stadichoan kaam se by en nei in pear dagen wie se lokkich wer de âlde, mei tank oan Benji.

Benji waard sels ek âlder. Hy wie dôf, hie staar, wie nachtblyn en bytiden ek wol ris wat demint. Dochs hie er noait wat, oant dizze simmer. Doe sakke er yn elkoar neidat we derút west hiene. It die bliken dat syn hertkleppen net mear goed wurken en hy moast oan 'e medisinen. Pillen foar it hert, foar de bloeddruk en plaspillen. Dat gong wol aardich, mar in pear wiken lyn fûn ik him yn 'e bykeuken yn syn eigen miich.

Hy like ferlamme, mar by de bistedokter rûn er wer. In wike letter barde itselde doe't we derút wiene. Doe lei er ûnderweis yn it gers. Dat wie foar my it momint om te sizzen dat it net mear koe en doe hawwe wy him thús ynsliepe litten. Hy is 14 jier wurden. It wie in lyts hûntsje, mar syn dieden wiene grut. Hy hat in moai grêf yn 'e tún krigen, mar ik ha noch altyd it idee dat er hjir omskarrelet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)