Konkurrint fan Epke Zonderland, Fabian Hambüchen hâldt op

01 des 2017 - 08:08

Fabian Hambüchen hâldt op mei turnjen. Hambüchen is ien fan de grutste konkurrinten fan Epke Zonderland. Persoanlik kinne beide mannen it ek goed mei mekoar fine. Doe't Epke by de Olympyske Spelen fan 2012 yn London goud wûn op de rekstôk, wûn Hambüchen it sulver. Ferline jier yn Brazilië pakte hy wol it goud.

Neffens de Dútske turner is it klear. "Ik heb mijn sportieve doelen bereikt, en verheug me op mijn verdere toekomst", sa lit er witte. Dit wykein turnt er syn lêste offisjele wedstryd.

(advertinsje)
(advertinsje)