Ferkear: Kâns op glêdens en tichte mist

01 des 2017 - 06:49
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ferkear yn Fryslân moat freedtemoarn de kommende oeren rekken hâlde mei glêdens en mist. Op ferskate plakken yn de provinsje kin tichte mist foarkomme. It sicht is tige min. De temperatuer leit op guon plakken noch ûnder nul. Dêrtroch kin it pleatslik glêd wêze.

Neffens waarman Piet Paulusma wie it freedtemoarn betiid -2,5 yn Fryske Peallen en -2 yn Bakkefean. Ferskate weinen fan de provinsje binne ûnderweis om te struien.

Trefwurden: 
ferkear mist glêdens
(Advertinsje)
(Advertinsje)