Boargemaster bliid dat drugslab Haulerwyk oprôle is

30 nov 2017 - 22:31

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf is bliid mei it oprôljen fan it drugslaboratoarium, tongersdei yn Haulerwyk. It giet om in laboratoarium foar de syntetyske drug crystal meth. Omdat it laboratoarium noch yn oanbou wie, waard der hast net produsearre. Dêrmei wie it gefaar foar de omjouwing ek noch beheind.

It giet net om de earste drugssaak yn Eaststellingwerf. Om noch mear oan te pakken docht boargemaster Oosterman in berop op de ynwenners. Hy hopet dat se fertochte situaasjes melde, sadat de plysje optrede kin.

Trije oanhâldings

Yn it oprôle drugslaboratorium waarden tongersdei trije minsken oanhâlden, de 55-jierrige bewenner fan it hûs en twa minsken út Guatamala. Dy lêsten oernachten yn in tintsje yn it laboratoarium.

(advertinsje)
(advertinsje)