FIDEO: Fryske keatsers as 'fotomodellen' yn Kolombia

01 des 2017 - 12:44

De Fryske dielnimmers oan it WK keatsen yn Kolumbia binne werom op Fryske grûn. Se nimme twa sulveren en twa brûnzen medaljes mei nei hûs. Se hawwe dan wol gjin goud wûn, mar wiene wol tige populêr 'fotomateriaal'. Dat komt benammen troch harren lingte, ljochte hier en blauwe eagen, seit vlogger Sjoerd de Jong dy't mei wie nei it Súd-Amerikaanske lân. Tûzenen foto's binne der makke fan de Fryske keatsers.

Trefwurden: 
keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)