Ljouwerter wyk Skieringen gjin probleemwyk mear

De opknapte wyk Skieringen-Súd yn Ljouwert is tongersdei offisjeel iepene. Njonken de bewennerskommisje wiene ek wenningbouferiening Elkien, arsjitekten en de boubedriuwen oanwêzich.
Jierrenlang stie de buert bekend as ien fan de saneamde Vogelaarwiken, de earmste wiken fan Nederlân. Yn de jierren '90 waard earst al in diel fan de nei-oarlochske wyk opknapt. Tusken 2014 en 2017 waarden guon flats yn de wyk sloopt om der lytse wenningen en moderne flats del te setten. Yn Skieringen stiene ek saneamde hellingbaanflats. Dy hiene gjin lift, mar oer de skeane banen koene de bewenners sa mei de bernewein nei de ferdjippings ride. In soad âlde bewenners hawwe no in plak krigen yn de nije huzen.