Flinke nederlaach foar basketballers Aris tsjin Donar

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne tongersdeitejûn op besite yn Grins tsjin in flinke nederlaach oanrûn. Yn de wedstriid tsjin Donar yn it Martiniplaza ferlearen de Ljouwerters mei 112-65. Al nei it earste kwart hie de ploech út Grins in behoarlike foarsprong naam op Aris. By rêst stie it 55-32 yn it foardiel fan Donar. Benammen yn it lêste part fan de wedstriid wienen de Grinzers folle better as Aris. De ploech fan coach Tony van den Bosch slagge der net yn om ek mar in bytsje yn de buert te kommen.
Folgjende wike sneon spilet Aris de folgjende kompetysjewedstriid, tsjin de basketballers fan Weert.