Sosjale wurkfoarsjenning bliuwt foar in diel yn Kollum

30 nov 2017 - 19:58
NEF Kollum - Foto: Google Street View

Sosjale wurkfoarsjenning Noardeast-Fryslân (NEF) kiest derfoar in part fan de húsfêsting yn Kollum te behâlden. Dat docht bliken út de húsfêstingsplannen foar de kommende jierren dy't it algemien bestjoer fan de NEF tongersdeitemiddei publisearre hat. Wol ferdwynt de 'test- en training-lokaasje' út Kollum. Dy ferhuzet nei in nij te bouwen gebou dat yn Dokkum komme moat.

De yndustriële aktiviteiten fan de sosjale wurkfoarsjenning, dêr't sa'n 150 minsken wurkje, bliuwe yn alle gefallen wol yn Kollum. Oer it grafysk bedriuw yn Kollum, dat it al jierren dreech hat, wurdt noch oerlein mei in mooglike nije partner. As de ûndernimmingsried fan de NEF grien ljocht jout, soe de nijbou yn Dokkum oer inkelde jierren klear wêze moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)