FIDEO: Jack Bottleneck makket nije fersy fan Wer Bisto

30 nov 2017 - 19:38

Yn de muzykrubryk fan Fryslân Hjoed daget Raynaud Ritsma Fryske artysten út om in nûmer út de Fryske Top 100 te coverjen. Ferline jier binne ûnder oare 'It Woanskip' troch Elske DeWall en Iris Kroes mei har ferzy fan 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra foarbykaam. Jack Bottleneck en syn maten binne no oan bar. Dat dogge se mei ien fan de ferneamdste Fryske ferskes ea: 'Wêr Bisto' fan Twarres.

Wêr Bisto

Twarres bestiet ein jierren njoggentich út Mirjam Timmer en Johan van der Veen. It duo út Wergea wint yn 1999 mei 'Wêr Bisto' de publykspriis fan it Fryske sjongfestival Liet. It nûmer wurdt yn de simmer fan 2000 útbrocht as single. Nei't Twarres yn de show fan Paul de Leeuw it nûmer hearre litten hat, wurdt it lanlik bekend. As Marco Borsato it duo freget om 'Wêr Bisto' te sjongen by syn konserten, is de trochbraak definityf. It nûmer is noch hieltyd it iennige Frysktalige ferske dat op nûmer 1 stien hat yn de top 40 yn Nederlân en België.

(Advertinsje)
(Advertinsje)