Dokkum makket him klear foar manifestaasje

Fan ferskillende kanten komme oproppen om op sneon al of net nei Dokkum te kommen. Oan de iene kant wolle de antyswartepytdemonstranten safolle mooglik omtinken foar harren manifestaasje. De ûndernimmers yn de binnenstêd wolle ek graach dat der winkelpublyk komt op de, foar harren, belangrykste ferkeapdei fan it jier. Oan de oare kant wolle minsken dat der gjin omtinken foar de manifestaasje komt. Dat soe skea jaan oan it bernefeest, sa is it argumint fan de Afwezigheid Actie Dokkum op Facebook.
De manifestaasje fan de Stichting Nederland wordt Beter is sneon op it parkearterrein by it winkelsintrum oan de Strobosserstege. It is fan twa oant fjouwer oere. Boargemaster Waanders sil der alles oan dwaan om de feilichheid te bewaken. It wurdt in manifestaasje mei muzyk, taspraken en it foarlêzen fan gedichten.
"Net bliid mei"
De boargemaster tinkt net dat ûndernimmers bliid binne mei de demonstraasje. "Ik bin dêr - en dan tink ik dat ik ek út namme fan de ûndernimmers praat - net bliid mei. Dus sil ik dat ek net stypje. It is net oan my om my op alle mooglike wizen yn te mingen. Wat minsken fine, moatte se dwaan. Mar ik tink net dat de ûndernimmers bliid binne mei sa'n oprop. En dan sis ik ek: Oant no ta is der gjin reden om te sizzen: 'Kom net nei Dokkum'. Wy dogge der alles oan om it goed ferrinne te litten. It is op ien plak yn de stêd. Undernimmers dy't ek sa bot meiholpen hawwe om fan dy Sinteklaasyntocht in moai feest te meitsjen, lit dy ek harren klanten op sneon ûntfange."