Gemeente fergoedet ferplichte gedrachsferklearring

30 nov 2017 - 16:40

Frijwilligers yn de gemeente Tytsjerksteradiel kinne tenei de kosten fan de 'Verklaring Omtrent Gedrag' fergoede krije. De regeling is yn it libben roppen foar ynwenners fan de gemeente dy't frijwilligerswurk dogge. Hieltyd mear ferieningen en organisaasjes ferplichtsje de frijwilligers sa'n VOG oan te freegjen. De kosten dêrfan binne fjirtich euro. Om de finansjele drompel fuort te heljen, krije de frijwilligers tenei it jild fan de gemeente werom.

It giet ynearsten om in proef fan in jier. De gemeente stelt 8.000 euro beskikber foar de oanfragen. Nei oanlieding fan it tal oanfragen sil de gemeente besjen oft it budzjet omheech moat. De formulieren foar de oanfraach fan in gedrachsferklearring stean op de webside fan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)