Bankjes op Torenplein Surhústerfean komme werom

It Torenplein krijt syn bankjes dochs werom © Google Street View
De bankjes op it Torenplein yn Surhústerfean komme dochs werom. De gemeente Achtkarspelen hie se fan 't simmer fuort helle, omdat der op omhongen waard troch jongeren dy't foar oerlêst soargen. Pleatslik belang wie dêr doe hielendal net bliid mei.
De gemeente hat der nochris oer praat mei pleatslik belang en minsken dy't der omhinne wenje. Doe is ôfpraat dat de bankjes yn maart werom komme, foar in healjier. As der yn dy perioade gjin oerlêst is, kinne se dêrnei stean bliuwe.