Vitens ferleget priis foar drinkwetter

© ANP
Klanten fan wetterbedriuw Vitens binne takom jier goedkeaper út. It drinkwettertaryf giet mei 10 euro yn it jier omdel. De kosten kinne nei ûnderen troch ynnovaasje en trochdat Vitens tûker wurket.
Klanten fan Vitens hawwe takom jier noch gjin lêst fan de ferheging fan it lege btw-taryf fan 6 nei 9 persint. Dat giet net earder yn as yn 2019.