Ambulânsesoarch wreidet út

30 nov 2017 - 16:10
Ambulânsepost yn Frjentsjer (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

De ambulânsesoarch yn Fryslân wurdt útwreide. De besteande ambulânsepost yn Stiens kriget tenei in 24-oere-besetting. Dat jildt ek foar de nije post yn Nijhoarne. Beide posten hawwe fan freed ôf de beskikking oer in sike-auto dy't 24 oeren deis ynsetber is. Mei de útwreiding komt it tal lokaasjes mei ambulânsesoarch op 23.

De Kijlstra Ambulancegroep en UMCG Ambulancezorg nimme it sikeferfier foar harren rekken. Nettsjinsteande de krapte op de arbeidsmerk is it slagge om dêr nije sjauffeurs en ambulânseferpleechkundigen foar te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)