Piet Paulusma: Fan 't winter langere perioade mei natueriis

Wy kinne takom winter wat faker op natueriis komme te stean as oars. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn definitive winterfoarsizzing. Neffens Paulusma kinne wy in langere perioade reedride. "Wy krije in winter mei snie en mei minstens ien wat langere perioade dat we op redens kinne. De kâns dêrop is 75%. Ik tink dat dat der wol yn sit."
Kjeld en snie
It wat kâldere waar op it stuit is neffens de waarman in teken dat de luchtdrukferdieling in wat kâldere winter as oars bringt. "Sjochst dochs dat it wat kâlder wurde sil as de ôfrûne jierren. Ik tink dat desimber noch wol wat snie bringt, ek noch wol wat kjeld. Dat sil yn jannewaris en febrewaris net oars wêze."
Opwaarming fan de ierde
It saneamde La Niña-effekt kin neffens Paulusma net fuortendaliks ús waar fan dizze winter bepale. "La Niña is it ôfkuoljen of opwaarmjen fan it seewetter foar de kust fan Perû. Wy hawwe wolris tocht dat dat in hiel soad ynfloed hawwe soe, mar krekt dan die bliken dat der in hiel mylde winter efterwei kaam."
We krije wol in 'smoarge' winter, mei oerlêst. Dat is ta te skiuwen oan de opwaarming fan de ierde, seit Paulusma.