Proef mei oplieden technykdosinten fanwege driigjend tekoart

30 nov 2017 - 14:45
Foto: Omrop Fryslân

ROC Friese Poort is mei Hogeschool Windesheim in proef begûn om ôfstudearre studinten fan it ROC op te lieden ta dosint technyk. Sa wolle se it driigjende tekoart oan dosinten technyk foar wêze. De skoallen hawwe in trajekt opset om ôfstudearre technykstudinten fan it heechste mbo-nivo op te lieden ta dosint mei in foech. Nei de proef wurdt sjoen oft dit ek foar mear fakgebieten ynfierd wurde kin. Want ek dêr wurdt it dreech om genôch dosinten te finen.

De studinten binne by it begjin fan harren stúdzjes al wis fan in baan. Se komme fuortdaliks as ynstrukteur yn tsjinst by ROC Friese Poort. Nei trije jier binne se dosint. De oplieding is foar in part by ROC Friese Poort en by Hogeschool Windesheim. De studinten rinne staazje by bedriuwen yn de regio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)