Manifestaasje Dokkum op parkearterrein Strobosserstege

30 nov 2017 - 14:16

De manifestaasje fan de 'Stichting Nederland wordt Beter' fan no sneon yn Dokkum, sil hâlden wurde op it parkearterrein by it winkelsintrum oan de Strobosserstege. Dat hat de gemeente Dongeradiel bekend makke. It is de bedoeling dat de dielnimmers oan de manifestaasje taspraken hâlde, gedichten foarlêze en muzyk meitsje. Neffens de gemeente Dongeradiel is it doel fan de organisatoaren fan de manifestaasje om op te kommen foar de frijheid fan it uterjen fan jo miening.

De stichting organisearret de manifestaasje nei oanlieding fan de blokkade op de A7 op de dei fan de Sinteklaasyntocht. Dongeradiel seit yn gearwurking mei de plysje alles yn it wurk te stellen om it rjocht op demonstraasje te fasilitearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)