Snits krijt in teenerskoalle

30 nov 2017 - 13:52

Der komt in spesjale teenerskoalle yn Snits. Dy is bedoeld foar bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoalle en de earste twa klassen fan it fuortset ûnderwiis. It giet om in inisjatyf fan de stichting Nieuw Onderwijs Sneek (NOS), iepenbiere ûnderwiiskoepel Odyssee en skoallemienskip Magister Alvinus yn Snits. De skoalle moat takom skoaljier al iepen gean.

De tradisjonele skieding tusken learlingen op it vmbo, havo en vwo wurdt by de teenerskoalle loslitten. Der wurdt folle mear sjoen nei wat in bern kin en wol. In lokaasje is noch net fûn. Dêroer wurdt oerlein mei de gemeente Súdwest-Fryslân.

Wat it jild oanbelanget, krijt de skoalle it gebrûklike ûnderwiisjild dat in skoalle foar in learling krijt fan it Ryk. Dêrneist is de skoalle op syk nei subsydzje. Ferskate leararen hawwe al oanjûn graach les jaan te wollen op de teenerskoalle yn Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)