Hektyske wike by Cambuur, spilersgroep is fit foar Telstar

It is in hektyske wike foar SC Cambuur. Der waard moandei ferlern fan FC Eindhoven, wêrnei't trainer Marinus Dijkhuizen dien krige. De fuotballerij wachtet net: freed spilet Cambuur alwer in thúswedstriid tsjin Telstar. Ynterim-trainer Sipke Hulshoff kin dêrfoar beskikke oer in sa goed as fitte spilersgroep. Allinne de langer blessearren Karim Rossi en Jurjan Mannes ûntbrekke.
Lestige ploech
"Beide ploegen sitte tichtby mekoar. Dat we thús spylje moat de trochslach jaan", seit Hulshoff, dy't nûmer fjouwer Telstar as in lestige ploech sjocht. "Se hawwe in super oanfal, dy't al 31 kear skoard hat. Mar se ha ek al 35 tsjingoals, dat seit ek wol wer wat." Hulshoff fiert trije wizigingen troch yn syn ploech. Oanfierder Robbert Schilder keart werom yn de basis, dat giet ten koste fan Omar el Baad. Boppedat hat Bryan Smeets syn skorsing útsitten, wêrtroch't Sai van Wermeskerken wer op de bank sit. Yn de oanfal krijt Issa Kallon de foarkar boppe Justin Mathieu.
"Drama op persoanlik flak"
Foar Hulshoff wie it ek in nuvere wike mei it ûntslach fan Dijkhuizen. "Ik fyn it drama op it persoanlike flak noch folle grutter as op it sportive. We fine it as technyske stêf ôfgryslik spitich. Koest ek wol fernimme dat de spilers oanslein wiene."