Aksje foar Alzheimer-ûndersyk nei ferstjerren Dirk Baron

30 nov 2017 - 13:00
Dirk en Dieke mei harren bern - Foto: Omrop Fryslân

Ta oantinken oan Omrop-ferslachjouwer Dirk Baron is der troch syn neisten in donaasje-aksje op tou set foar mear ûndersyk nei Alzheimer. Dirk Baron ferstoar tiisdei op 37-jierrige leeftiid. Hy hie Alzheimer. Yn de lêste wiken fan syn libben hat Dirk besletten om sawol foar as nei syn ferstjerren in bydrage leverje te wollen oan it ûndersyk nei Alzheimer. Want der is mear ûndersyk nei dizze sykte nedich.

De famylje ropt dan ek op om jild te donearjen oan it VUmc Alzheimersintrum yn Amsterdam, yn de hope de sykte yn de takomst foarkomme of genêze te kinnen. "We zijn intens verdrietig dat Dirk er niet meer is. Het feit dat hij een bijdrage levert aan dit belangrijke onderzoek is het enige positieve wat we hieruit kunnen halen. Om dit onderzoek gaande te houden zijn donaties nodig, heel veel. Maar alle kleine beetjes zijn welkom en van grote waarde."

(advertinsje)
(advertinsje)