Omset omheech yn de melkfeesektor

De kij fan boer Bijsterbosch wurde molken. © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De omset fan de melkfeesektor is de ôfrûne trije fearnsjierren mei sa'n 30 prosint omheech gien yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS, wêrby't de omset skatten is op basis fan btw-oanjeften. Troch skaalfergrutting hawwe grutte bedriuwen mei 120 melkkij of mear, in hieltyd grutter part yn de totale omset yn de sektor. It totale tal grutte bedriuwen gie omheech fan 38 prosint fan it totaal yn 2014 nei 47 prosint fan it totaal yn 2017.
De skaalfergrutting liket no lykwols foarby. Sa waarden bedriuwen yn 2017 amper grutter. It gemiddelde tal melkkij per bedriuw gie tusken 2000 en 2016 omheech fan 56 nei 101, dit jier kaam dat oantal krekt wer ûnder de 100 kij út.
Baan njonken it bedriuw
Ut de sifers fan it CBS docht fierder bliken dat minsken út agraryske famyljes hieltyd faker in baan njonken it bedriuw hawwe. By hast de helte fan de agraryske famyljebedriuwen hawwe de bedriuwslieder of de meiwurkjende famyljeleden in baan bûten it bedriuw. Der binne hjiryn wol grutte ferskillen tusken de ferskate bedriuwen. Fan de bouboeren hawwe 30 prosint in oare baan derby, wylst dit yn de melkfeesektor mar 12 prosint is.