UPDATE: Drugslab fûn op hiem fermoarde Marinus Ooms

30 nov 2017 - 12:25

It drugslaboratoarium dat tongersdeitemoarn ûntdutsen waard yn Haulerwyk, is yn de rin fan de dei ûntmantele. Dat hat de plysje witte litten. It laboratoarium bedoeld om de syntetyske drug crystal meth te meitsjen, waard oantroffen yn in skuorre neist in hûs oan de Slotemaker de Bruïnewei. It lab wie noch yn oanbou wie, en sadwaande waard der noch hast net produsearre. Dêrmei wie it gefaar foar de omjouwing ek beheind.

Tintsje

Doe't de plysje tongersdeitemoarn it gebou ynfoel, wiene dêr trije minsken. It giet om de 55-jierrige bewenner fan it hûs en twa minsken út Guatamala. Dy lêsten sliepten yn in tintsje yn it laboratoarium. Alle trije binne se oanhâlden.

Anonime tips

De plysje kaam it crystal-meth-lab op it spoar nei in tal tips. By it ûndersyk nei dy tips is ek sjoen nei it dumpen fan drugsôffal yn de bosken by Norg. Dêrby soene tsjûgen bedrige wêze. Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf besjocht oft it hûs dêr't it drugslaboratoarium fûn is foar in tal moannen sletten wurde kin.

Marinus Ooms

De lokaasje dêr't de plysje dizze fynst dien hat, kaam in tal jierrren lyn ek al ris yn it nijs. Yn 2006 waard op itselde adres it stoflik omskot fan Marinus Ooms oantroffen. De Haulerwykster wie by in brute oerfal om it libben brocht. De trije dieders binne yn de ôfrûne jierren feroardiele ta selstraffen.

(advertinsje)
(advertinsje)