Talant begjint eigen oplieding foar ferpleechkundigen

30 nov 2017 - 11:39

Talant tinkt in oplossing fûn te hawwen foar it driigjende tekoart oan ferpleechkundigen yn de handicaptesoarch. Se sette dêrfoar in eigen ynterne oplieding op. Dy oplieding moat de kommende jierren hûndert nije ferpleechkundigen opsmite. Om't der by de offisjele opliedingen hieltyd minder nije ferpleechkundigen oplaat wurde, is it foar Talant en oare soarchynstellingen dreech om oan goed personiel te kommen. It giet dan benammen om minsken dy't medyske soarch biede meie.

De minsken dy't dalik troch Talant oplaat wurde sille, wurkje no ek al by de soarchynstelling, mar binne gjin offisjele ferpleechkundigen. Dêrtroch meie se in hiel soad saken net dwaan. Sa meie se bygelyks gjin ynjeksjes sette. Nei de oplieding meie se dat wol.

Trefwurden: 
Talant soarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)