Briedfûgels faker bedrige

De hoants is ien fan de spektakulêrste briedfûgels fan Nederlân © Wikipedia
Hieltyd mear Nederlânske briedfûgels binne bedrige. It ministearje fan Ekonomyske Saken publisearret tongersdei in nije Reade List mei bedrige soarten. Dêr stean njoggen soarten mear op as op de list út 2004. De fjildûle, de woffer (Nederlânsk: woudaapje) en de toefljurk (kuifleeuwerik) ferdwine neffens de Fûgelbeskerming op koarte termyn út Nederlân as der gjin maatregels nommen wurde. Dizze soarten komme ek yn Fryslân foar.
Dat der mear soarten op de list stean as yn 2004 komt neffens de Fûgelbeskerming troch it gebrûk fan ynsektisiden en de útstjit fan stikstof. Yn totaal wurdt 44 persint fan de Nederlânske briedfûgels yn mear of mindere mate bedrige.