Hieltyd mear jongeren mei psychyske problemen

30 nov 2017 - 11:01

Der komme hieltyd mear jongeren mei psychyske problemen. Dêrnjonken fiele mear en mear jongeren har iensum. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD en it Fries Sociaal Planbureau. Benammen tweintigers rinne faker risiko op in eangststoarnis of in depresje as earder.

Dat it tal jongeren mei psychyske problemen groeit, kin ferskate oarsaken hawwe, sizze de ûndersikers. Mooglik komme jongeren der earder foar út, om't it taboe derop minder wurdt. Mar it kin ek lizze oan bygelyks de ynfloed fan sosjale media.

(Advertinsje)
(Advertinsje)