Sloop sporthal Westermar yn Burgum is úteinset

30 nov 2017 - 10:13

Hast twa moannen nei de ferneatigjende brân wurdt tongersdei lang om let úteinset mei de sloop fan sporthal Westermar yn Burgum. Personiel mei beskermjende klean soarget der foar dat it materiaal dêr't de gefaarlike asbesthâldende kit yn sit ôffierd wurdt. Neffens boargemaster Jeroen Gebben jout de sloop fan de sporthal in dûbeld gefoel: "Dat de Westermar der net mear is, is tryst. It is in begryp hjir yn 'e gemeente, der lizze oantinkens, leafdes binne hjir begûn. Mei de brân is in gat slein yn ús mienskip."

Nije hal

Mei de sloop komt der ek in begjin oan in nije sporthal. "Dêroer binne wy no mei alle ferieningen yn petear om skerp te krijen wat der krekt foar werom komme moat", seit Gebben.

Befeiliging

De gemeente siket noch hieltyd út hoe't de kosten dy't de brân mei him meibrocht hat, dutsen wurde moatte. Dan giet it bygelyks oer it learlingeferfier, mar ek it befeiligjen fan it gebiet. Oant no ta wurdt de omjouwing fan de sporthal noch hieltyd 24-oeren deis befeilige troch Schaaf Beveiliging.

Trefwurden: 
sporthal Burgum Westermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)